Het Oudfriese recht - It Aldfryske rjocht

Van Lex Frisionum tot Oude Druk - Fan Lex Frisionum oant Alde Druk

Een van de meest opvallende zaken van het oude Fryslân was het bestaan van een eigen rechtspraak. In de Middeleeuwen hadden de Friezen geen sterke staatsvorm of onderlinge binding, maar wel een eigen stamrecht. Alle inwoners van het Friese gebied moesten zich hier aan houden, en er waren ook echte rechters en veroordelingen. Het Friese stamrecht is al in 800 op schrift gesteld. Deze tekst is het oudst bewaard gebleven document uit de Friese en Nederlandse geschiedenis. Aan het Oudfriese recht kwam in Fryslân een eind in het jaar 1504.


--------------------------------------------------------------------

Ien fan de meast opfallende saken fan it âlde Fryslân wie it bestean fan in eigen rjochtspraak. Yn de Midsieuwen hienen de Friezen gjin sterke steatsfoarm of ûnderlinge bining, mar wol in eigen stamrjocht. Alle ynwenners fan it Fryske gebiet moasten har hjir oan hâlde, en der wienen ek echte rjochters en feroardielings. It Fryske stamrjocht is al yn 800 op skrift set. Dizze tekst is it âldst bewarre bleaune dokumint út de Fryske en Nederlânske skiednis. Oan it âldfryske rjocht kaam yn Fryslân in ein yn it jier 1504.

Stamrecht
Net als iedere Germaanse stam, hadden de Friezen een eigen stamrecht. Dat zal niet veel afgeweken hebben van dat van andere Germaanse stammen. Na ongeveer 1100 krijgt het recht van de Friezen echter steeds meer eigen trekken. Dan begint zich ook een soort van Friese rechtsideologie te ontwikkelen, die inhoudt dat het eigen recht moet worden gezien als een godsgeschenk, even kostbaar als het christelijk geloof. Godsgeschenk of niet, in 1504 werd het Oudfriese recht, tenminste in Westlauwers Friesland, in één keer afgeschaft.

Lex Frisionum
In opdracht van de Frankische koning is rond 800 een schriftelijke inventarisatie opgemaakt, in het Latijn, van het Friese stamrecht uit die tijd. De tekst, bekend als de Lex Frisionum, is het oudst bewaard gebleven rechtsdocument uit de Friese geschiedenis. Het is in hoofdzaak een opsomming van schadevergoedingen voor het toebrengen van verwondingen. De tekst heeft een duidelijk christelijke inslag, al kunnen er ook heidense elementen worden aangewezen: de toegestane kindermoord en een sacrale vorm van doodstraf voor de tempelschender. Het geldingsgebied is in drieën opgedeeld: van Sinkfal (bij Cadzand in Vlaanderen) tot Vlie, van Vlie tot Lauwers en van Lauwers tot Wezer.

De dertien asega’s
De verheerlijking van het Friese recht, dat dan landrecht wordt genoemd, is vooral een zaak van de veertiende en vijftiende eeuw, dat wil zeggen de tijd van de Friese vrijheid. Dan komt ook de claim op dat de Friezen hun landrecht van God zouden hebben gekregen, via Christus en Karel de Grote. Dat wordt tot uitdrukking gebracht in de sage van de dertien asega’s: twaalf ‘voorsprekers’ van de Friezen, die door de dertiende (Christus) in het recht worden onderwezen. Twee dingen vallen op. In de eerste plaats het feit dat een deel van het Oudfriese recht – in het bijzonder twee teksten, de Zeventien Keuren en de Vierentwintig Landrechten – geldt voor heel het Friese gebied, dat dan nog loopt van Vlie tot Wezer, ook al is dat politiek gezien geen eenheid. Ten tweede dat het landrecht dateert uit de tijd van de Friese vrijheid. In verscheidene oudere rechtsteksten komen wij de voor het ‘klassieke’ Oudfriese procesrecht zo typerende asega tegen, die als kenner van het volksrecht op aanwijzing van de rechter bij elke stap in de procedure een oordeel uitspreekt. In de tijd van de Friese vrijheid zijn er al geen asega’s meer.

Oude Druk
In de laatste jaren van de Friese vrijheid is er een boek gedrukt waarin de ‘canon’ van het Oudfriese landrecht, bestaande uit twintig teksten, is opgenomen. Deze zogenaamde Oude Druk van het Friese Landrecht is rond 1485 vervaardigd, in opdracht van een onbekende privépersoon of overheidsinstantie. Het is niet alleen het eerste Friestalige boek dat in druk is verschenen, maar in West-Europa ook een van de eerste landrechten die in gedrukte vorm uitkwamen. Alleen daarom al is het een monument, niet alleen van het Oudfriese recht, maar ook van de Friese taal. Naast enkele algemeen-Friese, zijn er alleen Westlauwerse teksten in opgenomen, met als belangrijkste het Oudere en het Jongere Skeltarecht. Ook het verhaal van de dertien asega’s is erin te vinden.

Romeins recht
Het afschaffen van het Oudfriese recht, dat trouwens heel wat meer omvatte dan de twintig teksten van de Oude Druk, is een gevolg van de ondergang van de Friese vrijheid. In 1504 stond Westlauwers Friesland sinds zes jaar onder het bewind van de hertog van Saksen. Toen die de keuze gaf tussen het Saksische en het Romeinse recht, werd er gekozen voor het Romeinse. Opvallend is dat de Ommelanders en de Oost-Friezen nog wel eeuwenlang aan het Oudfriese recht hebben vastgehouden.

 


--------------------------------------------------------------------------------------------------

 

Stamrjocht
Lykas elke Germaanske stam hiene de Friezen in eigen stamrjocht. Dat sil net folle ôfwykt ha fan dat fan oare Germaanske stammen. Nei likernôch 1100 krijt it rjocht fan de Friezen lykwols hieltiten mear eigen trekken. Dan begjint him ek in soarte fan Fryske rjochtsideology te ûntwikkeljen, dy’t ynhâldt dat it eigen rjocht sjoen wurde moat as in godsgeskink, like kostber as it kristlik leauwe. Godsgeskink of net, yn 1504 wurdt it Aldfryske rjocht, alteast yn Westerlauwersk Fryslân, yn ien kear ôfskaft.

Lex Frisionum
Yn opdracht fan de Frankyske kening is om 800 hinne in skriftlike ynvintarisaasje opmakke, yn it Latyn, fan it Fryske stamrjocht út dy tiid. Dy tekst, bekend as de Lex Frisionum, is it âldste bewarre bleaune rjochtsdokumint út de Fryske skiednis. It is yn haadsaak in opsomming fan skeafergoedingen foar it tabringen fan ferwûningen. De tekst hat in dúdlik kristlike ynslach, al kinne der ek heidenske eleminten yn oanwiisd wurde: de tastiene bernemoard en in sakrale foarm fan deastraf foar de timpelskeiner. It jildingsgebiet is yn trijen opdield: fan Sinkfal (by Cadzand yn Flaanderen) oant Fly, fan Fly oant Lauwers en fan Lauwers oant Wezer.

De trettjin asega’s
De ferhearliking fan it Fryske rjocht, dat dan lânrjocht neamd wurdt, is in saak fan benammen de fjirtjinde en de fyftjinde ieu, dat wol sizze de tiid fan de Fryske frijheid. Dan komt ek de claim op dat de Friezen har lânrjocht krige ha soene fan God, fia Kristus en Karel de Grutte. Dat wurdt ta útdrukking brocht yn de sêge fan de trettjin asega’s: tolve ‘foarsprekkers’ fan de Friezen, dy’t troch de trettjinde (Kristus) yn it rjocht ûnderwiisd wurde. Twa dingen falle op. Yn it foarste plak it feit dat in part fan it Aldfryske rjocht, yn it bysûnder twa teksten, de Santjin Kêsten en de Fjouwerentweintich Lânrjochten, jildt foar hiel it Fryske gebiet, dat dan noch rint fan Fly oant Wezer, ek al is dat polityk gjin ienheid. Twads dat it lânrjocht datearret út de tiid fan fóár de Fryske frijheid. Yn ferskate âldere rjochtsteksten komme wy de foar it ‘klassike’ Aldfryske prosesrjocht sa typearjende asega tsjin, dy’t as kenner fan it folksrjocht op oanwizing fan de rjochter by elke stap yn in proseduere in oardiel útsprekt. Yn de tiid fan de Fryske frijheid binne der al gjin asega’s mear.

Alde Druk
Yn de lêste jierren fan de Fryske frijheid is in boek drukt dêr’t de ‘kanon’ fan it Aldfryske lânrjocht, besteande út tweintich teksten, yn opnommen is. Dizze saneamde Alde Druk fan it Fryske Lânrjocht is om 1485 hinne printe yn opdracht fan in ûnbekende priveepersoan of oerheidsynstânsje. It is net allinnich it earste Frysktalige boek dat yn druk ferskynd is, mar yn West-Europa ek ien fan de earste lânrjochten dy’t yn printe foarm útkamen. Allinnich dêrom al is it in monumint, net allinnich fan it Aldfryske rjocht, mar ek fan de Fryske taal. Njonken inkelde algemien-Fryske binne der allinnich Westerlauwerske teksten yn opnommen, mei as wichtichste it Aldere en it Jongere Skeltarjocht. Ek it ferhaal fan de trettjin asega’s is der yn te finen.

Romeinsk rjocht
It ôfskaffen fan it Aldfryske rjocht, dat trouwens hiel wat mear omfieme as de tweintich teksten yn de Alde Druk, is in gefolch fan de ûndergong fan de Fryske frijheid. Yn 1504 stie Westerlauwersk Fryslân sûnt seis jier ûnder it bewâld fan de hartoch fan Saksen. Doe’t dy de kar joech tusken it Saksyske en it Romeinske rjocht, waard keazen foar it Romeinske. Opfallend is dat de Ommelanners en de East-Friezen noch wol ieuwenlang oan it Aldfryske rjocht fêsthâlden ha.